Jonges oppakt foar fernielings

05 apr 2010 - 14:43

Yn Dokkum hat de plysje sneintenacht fjouwer jonges oanhâlden fanwege fernielings. It giet om fernielings fan ruten fan in gebou en in auto op de Hegepol. Nei de melding koene plysjes de fernielers earst net fine, mar letter waarden se by in kafee yn 'e Van Kleffenstrjitte oantroffen.

De man dy't de melding fan de fernieling dien hie, herkende de fjouwer. Sy binne dêrnei nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)