Jonges oppakt foar bedriging

01 feb 2009 - 14:06

Fjouwer jonges út Drachten binne yn 'e nacht fan sneon op snein yn harren wenplak oanhâlden op fertinking fan bedriging. It giet om twa jonges fan 17 en twa fan 18 jier. De arrestaasje barde nei oanlieding fan in melding oer fjochterij op De Singel. De groep dy't de plysje belle hie, sei dat se mei messen bedrige wiene nei in rûzje yn in diskoteek.

Mei help fan it sinjalemint binne eefkes letter fjouwer fertochten oppakt. Se sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)