Jonges op scooter klemriden

26 aug 2003 - 00:00

Twa jonges út Easterwâlde fan 17 en 18 jier binne moandeitemiddei mishannele troch in autobestjoerder. Se rieden tegearre op in scooter yn de rjochting fan harren wenplak, doe't der by de Trije Tolhekken in auto oankaam.

De automobilist ried de scooter yn in tunnel klem en stapte út. Hy skold de jongens út en stompte se yn it gesicht. Dêrnei naaide er út. De jongens hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)