Jonges oerfallen yn Drachten

18 sep 2008 - 10:51

Yn Drachten binne moandei twa jonkjes fan alve jier oerfallen troch twa jonges dy´t krekt wat âlder wiene. De bern woene op de Gerben Sondermanstrjitte boartersguod ferkeapje.

De âldere jonges kamen by har en fregen om jild. Ien fan de twa pakte in mes en helle dat oer de earm fan ien fan de lytsere bern hinne. De slachtoffers binne doe gau útnaaid. De plysje siket de dieders noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)