Jonges oanholden yn Dokkum

19 aug 2007 - 15:04

De plysje fan Dokkum hat sneintemoarn in 19-jierrige jonge út Driesum en in 17-jierrige jonge út Wâlterswâld oanhâlden. It wie op dat stuit, fjouwer oere moarns, ûnrêstich op de Merk.

In groep fan 30 jongeren gedroech har ferfelend. Nei alle gedachten hie der krekt in fjochtpartij west. De jonges út Driesum en Wâlterswâld wegeren fuort te gean en waarden meinommen troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)