Jonges oanholden foar fernieling

26 nov 2006 - 15:16

De plysje hat dit wykein twa ynwenners fan Heech oanholden. It giet om in jonge fan 16 en in jonge fan 17 jier. De twa hiene in fakânsjewente oan de Alde Skatting fernield.

De jonges hiene alle ruten fan de wenning stikkenmakke en de doar yntrape. Doe't de eigner hearde dat syn húske fernield wie, koe er de twa by it húske sels trappearje. De plysje hat de twa jonges letter oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)