Jonges oanhâlden fanwege lûdsoerlêst yn Drachten

30 aug 2015 - 14:12

De plysje hat sneontenacht trije jonges oppakt dy't foar lûdsoerlêst soargen by it Kiryat Onoplein yn Drachten. De jongerein sieten op winkelkarkes en makken in soad leven. Doe't frege waard om legitimaasje, wegere ien fan 'e jonges.

De twa oare jonges hinderen de plysjes by de oanhâlding. Mei assistinsje fan kollega's koe it trijetal oanhâlden wurde. De jonges sitte fêst op it plysjeburo yn Ljouwert en moatte in ferklearring ôflizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)