Jonges mishannelje famke yn fytstunnel by It Hearrenfean

12 des 2014 - 17:28

In famke (16) is woansdeitemoarn yn de fytstunnel yn de Jousterdyk troch trije jonges mishannele. It famke fytste fan It Hearrenfean nei har wurk oan de Hasker Utgongen yn Aldehaske. Yn de tunnel stiene trije jonges dy't har samar omtreaunen en har fyts 20 meter fierderop yn in sleat smieten. Troch de fal rekke it famke ferwûne oan har rêch.

De trije jonges naaiden út yn de rjochting fan de Poiesz. It giet om ljochttinte jonges fan sa'n 1 meter 80 lang en mei swarte jassen en spikerbroeken oan. It famke hat oanjefte dien.

It famke hat tegearre mei har heit de fyts út it wetter helle en oanjefte dien. De plysje freget tsjûgen om harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)