Jonges meitsje brân

16 okt 2007 - 09:59

Yn Drachten binne twa jonges (17) út dat plak oanhâlden op fertinking fan brânstifting. Se waarden sjoen by in skoalle oan de Leidyk. De plysje ûntduts dêr letter in kontener yn de brân. Nei in koarte syktocht hie de plysje de twa fertochten te pakken.

De brânwacht hie it fjoer gau út. De skoalle rûn in pear stikkene ruten op. De skea is likernôch 3.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)