Jonges mei auto yn de sleat by Ljouwert

11 feb 2015 - 15:21

In tal jonges is woansdeitemiddei mei in auto yn de sleat belâne lâns de Sylsterrak yn Ljouwert. De jonges rieden oer it fytspaad, mar de bestjoerder rekke de kontrôle oer de auto kwyt en bedarre yn de sleat.

De helptsjinsten kamen manmachtich nei it plak fan it ûngelok, mar dat wie net nedich omdat de jonges sels al út de auto krûpt wienen. By it ûngelok rekke net ien ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)