Jonges krije klappen

14 apr 2013 - 10:57
  • Geweld

In 16-jierrige jonge út Drachten en in jonge fan 17 jier út Marrum binne sneontenacht mishannele yn it Grinslanner Middelstum. De plysje hat in 16-jierrige jonge út de gemeente Eemsmond oanholden foar de mishanneling.

De fertochte soe syn beide slachtoffers klappen jûn ha. Wêrom't er dat die, is noch net dúdlik. De fertochte sit noch fêst op it plysjeburo. De twa slachtoffers hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)