Jonges fan skoalle stjoerd

01 des 2004 - 10:13

De twa jonges (14 en 15 jier) dy't de skoalle Piter Jelles yn Dokkum mei rasistyske tekens bekladden, wurde fan skoalle stjoerd. Dat bart nei oerlis mei de âlden fan de jonges.

It fuortstjoeren wie de iennige opsje nei har kriminele gedrach earder dizze moanne. De jonges bekladden har eigen skoalle om ekstreem rjochtse jongeren yn Dokkum yn diskredyt te bringen. Der wurdt socht nei in oare skoalle foar de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)