Jonges bedrige en bestellen

18 maaie 2006 - 13:56

Twa jonges fan 16 en 17 jier út Ljouwert binne woansdeitejûn yn harren wenplak mei in pistoal bedrige en bestellen. De beide riden op in scooter troch de Larixstrjitte. Se waarden ynhelle troch twa jonges op in snorscooter, dy't harren oanhâlden.

Ien fan beide fertochten pakte in pistoal en rjochte dat op de beide jonges. De jonge mei it pistoal en de oare fertochte naaiden dêrnei út op de scooter fan de slachtoffers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)