'Jongerenwurkers op skoallen'

07 apr 2005 - 11:02

De PvdA yn de gemeente Ljouwert wol jongerenwurkers ynsette om it geweld op skoallen te bestriden. Jongerenwurkers ha in better each foar it ûntstean fan problemen by de jongerein, en kinne dy dan ek better bestride. Neffens PvdA-riedslid Jan van Olffen kinne insidenten lykas dy op it Comenius kolleezje allinne sa foarkommen wurde.

Yn Deventer wurdt op skoallen al eksperimenteard mei in jongerenwurker. Dat foldocht goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)