Jongeren wurch fan smartphone

20 nov 2013 - 14:19

Hieltyd mear jongeren wurde wurch fan social media. Dat blykt út in artikel yn it AD. In tal jongeren wol dêrom werom nei de âlde tillefoans, dy't allinnich mar belje en sms'e kinne. Dizze tillefoans freegje minder tiid, liede net sa ôf en de batterij giet dagen langer mei.

De smartphone-gekte liket oer syn hichtepunt te wêzen. De jongeren binne wol even klear mei Whatsapp, Facebook, Twitter, Instagram en alle oare social media. Mar in soad kommunikaasje giet fia social media. It is dêrom dreech om it mobyltsje oan kant te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)