Jongeren wolle hoareka-debat

21 jul 2004 - 11:36

Jongeren fan it CDA wolle prate mei boargemaster Bilker fan Kollumerlân. Se wolle it ha oer de problemen dy't der binne mei it útgean. De partijleden binne benaud dat inkeld bestjoerders en hoarekaminsken der oer diskusjearje.

Bilker wol ien slutingstiid fan de hoareka yn Noardeast-Fryslân ha. Neffens de jongeren moat ek sjoen wurde nei it ferbetterjen fan de feilichheid yn it útgeanslibben. It debat moat nei de simmer plakfine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)