Jongeren by wettersport belûke

09 jun 2013 - 15:55
  • Start fan Jeugd en Wettersport
  • Start fan Jeugd en Wettersport

De jongerein moat entûsjaster makke wurde foar de wettersport. Dêrfoar hat Olympysk siler Pieter Jan Postma snein yn Himmelum it nije provinsjale projekt Jeugd en Wettersport iepene. De wettersport fergrizet. Dêrom hat it Fryske Marreprojekt ûndersyk dwaan litten nei de ynteresse fan jongerein. De útkomsten wurde brûkt foar Jeugd en Wettersport dat hjoed fan start giet.

Der moatte no konkrete plannen makke wurde. Fierders moatte de finânsjes ek noch regele wurde.

Op dit stuit fynt yn Himmelum it Wild Watersportweekend plak. It evenemint is opset troch it Jeugdsportfûns Fryslân yn 'e mande mei de provinsje en pleatslike bedriuwen. Pieter Jan Postma is ambassadeur fan Jeugdsportfûns Fryslân. It nije projekt rjochtet him benammen op bern fan âlden dy't net folle jild hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)