Jongeren út Surhústerfean dogge mei oan 'Sirkelslag'

06 feb 2015 - 22:51
  • Dielnimmers oan de Sirkelslag yn Surhústerfean

Goed tritich jongeren út Surhústerfean striden freedtejûn yn it spul 'Sirkelslag' foar it wolwêzen fan bern yn Yndia. Jongeren moatte yn it spul ferskate opdrachten útfiere, lykas foto's meitsje of in feiling foar it goede doel opsette.

Sirkelslag is in lanlik spul foar it goede doel, dêr't elk jier sa'n 7000 jongeren út hiel Nederlân oan meidogge. Dit jier binne dat der tûzen mear as ferline jier. It evenemint wurdt organisseare troch JOP, de jeugdorganisaasje fan de protestantske tsjerke en Kerk in Actie.

Under lieding fan KRO-NCRV presintator Klaas van Kruistum fiere mear as 600 jeugdgroepen yn hiel Nederlân opdrachten út. Hjirmei wol de organisaasje maatskiplike tema's op in leuke wize ûnder de oandacht bringe fan jongeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)