Jongeren tefreden oer sûnens

13 des 2005 - 09:00

Fjouwer fan de fiif Fryske jongeren binne tefreden mei har sûnens. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de GGD Fryslân. Oan it ûndersyk hawwe 4400 jongeren tusken de 13 en 18 jier meidien. Mar ien prosint fan har fynt dat syn eigen sûnens min is.

De wichtichste reden foar Fryske jongeren om nei in húsdokter te gean is in sportblessuere, sa docht bliken út it ûndersyk. Lanlik is dat in ynfeksje oan de luchtwegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)