Jongeren skeine grinzen

01 feb 2007 - 14:13

Jongerein yn Fryslan skeint hieltyd faker grinzen as it giet om seks, rassisme en geweld. Dat fynt Fier Fryslân, de eardere Vrouwenopvang Fryslân. De organisaasje giet dêrom by middelbere skoallen del om mei jongeren te praten.

Foaral kwetsbere jongeren moatte sa berikt wurde. Dy binne maklik te beynfloedzjen en geane gauwer in grins oer. Fier Fryslân biedt skoallen help oan, mar dy freegje der sels ek om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)