Jongeren oproppen om donor te wurden

13 apr 2015 - 11:23
  • Website donorregistraasje
  • Bert de Ruiter fan Marrum hat in nij hert fan in donor krigen

Der is noch hieltyd in tekoart oan donorregistraasjes. Tiisdei krije jongeren dy't berne binne yn 1996 de fraach oft se ek orgaandonor wêze wolle. By goed 180.000 jongeren yn it lân falt dan in brief op de matte. Jongeren binne faak posityf oer donorregistraasje. Goed 72% fan de registrearde jongerein is donor, wylst it lanlik gemiddelde op 61% leit.

Bert de Ruiter (21) fan Marrum is in goed foarbyld foar it belang fan donorregistraasje. Hy libbet mei in donorhert om't syn hertspier te grut wie. Sûnder donorhert hie er net mear libbe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)