Jongeren oppakt foar fernielings

05 jun 2004 - 00:00

De plysje hat freedtenacht yn Kollumerpomp sân jongeren oanholden dy't in tal tunen fernield hiene. It giet om jeugd fan bûten Fryslân fan 20 oant 25 jier âld. Sy komme ûnder oaren út Tilburg.

De plysje hold de jonges oan nei in melding oer fernielings. Yn de auto dêr't se yn sieten, waarden flaggestokken, in sinnewizer en in pop fûn. De sân binne fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)