Jongeren op reis nei Auschwitz

09 jul 2007 - 11:10

In groep fan 20 jongeren út de Ljouwerter wiken Wielenpôlle en Schepenbuurt sil begjin augustus op ekskurzje nei it eardere konsintraasjekamp Auschwitz. De gemeente Ljouwert en it jongerenwurk wolle harren sa bewust meitsje fan de gefolgen fan oarloch, diskriminaasje en geweld.

De jongeren sille in filmferslach meitsje fan de fjouwerdaagse reis. Dy wurdt letter op skoallen fertoand.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)