Jongeren kreakje boerepleats

20 aug 2012 - 14:39
  • De kreake pleats by Alde Willem

Jongeren út Easterwâlde en Appelskea hawwe in leechsteande boerepleats by Alde Willem kreake. De pleats is fan de provinsje Fryslân. Dy wol him delhelje foar de oanlis fan in nateurgebiet, mar omreden fan besunigings binne de plannen útsteld.

De jongeren hawwe de provinsje frege oft se salang yn 'e pleats wenje meie. De provinsje fynt dat goed en sil de ôfspraken mei de groep fêstlizze yn in oerienkomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)