Jongeren geane op survival

23 feb 2009 - 10:41
  • Der is in soad skea oan it Huis voor Jongeren

De 17 jongeren dy't evakueard waarden as gefolch fan de brân yn 't Huis voor Jongeren yn Ljouwert, wurde de kommende tiid opfongen yn de Terp.

Moandei geane se nei Elslo, dêr't se in oerlibbingstraining op it programma ha. Dat stie al pland. By de brân baarnden trije keamers út en rûn it Huis voor Jongeren oan de Huzumerleane grutte skea op. Ek de jongeren dy't nei it sikehûs west ha omdat se tefolle reek ynazeme hiene, geane mei op survival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)