Jongeren fêst nei trelit by azc

27 okt 2003 - 00:00

Twa fan 'e fiif jongeren, dy't de plysje freedtejûn let oanhâldde nei in ynsidint by it Dokkumer asylsikerssintrum, wurde noch hieltiid troch de plysje fêsthâlden. It giet om in 15-jierrige jonge fan Damwâld en om in 14-jierrige jonge fan Broeksterwâld.

De jongeren smieten stiennen en kluten nei asylsikers. Ek skilderen sy op it fytspaad by it azc heakekrusen en Davidsstjerren. De plysje hâldde it groepke noch deselde jûns oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)