Jongeren drinke gewoan troch

28 aug 2014 - 10:15

De measte Fryske jongeren fan 16 en 17 jier drinke noch gewoan alkohol. Dat docht bliken út in enkête fan it platfoarm Nuchtere Fries. Dat is in gearwurking fan ûnder oare de gemeenten, de plysje en de GGD. Jongeren drinke wol mear thús en by freonen, en minder yn de hoareka. Mar ien op de sân jongeren seit minder te drinken, sûnt it alkoholferbod op 1 jannewaris fan dit jier yn gie.

It grutste part fan de jongeren kin noch altyd maklik oan alkohol komme. Sy krije it fan âldere freonen, mar ek fan heiten en memmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)