Jongeren by Dales op it matsje

15 maaie 2007 - 22:39

Fiif jongeren dy't foar in soad oerlêst soarge hawwe yn de Ljouwerter wyk Huzum-West binne tiisdeitejûn op it matsje roppen by boargemaster Dales fan Ljouwert. Ek plysjesjef Marc Jacobs wie dêrby.

As de jongeren harren net gedrage, sil de plysje se hinderlik folgje. Se kinne fuortendaliks in boete krije foar eltse oertreding. De jonges sille harren gedrach oanpasse, sa hawwe se tasein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)