Jongereinwurker op Piter Jelles

09 apr 2005 - 10:57

Skoallemienskip Piter Jelles yn Ljouwert hat in jongereinwurker oansteld. De problemen troch kultuerferskillen tusken learlingen binne sa grut wurden dat de skoalle help siket fan bûtenôf. Konflikten wurde hieltyd faker op skoalle útfochten.

Piter Jelles wol de politike diskusje dy't no yn Ljouwert fierd wurdt, net ôfwachtsje. De jongereinwurker wurdt út eigen budzjet betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)