Jongereinwurk ûnder druk

06 nov 2012 - 16:15
  • Dei fan it jongereinwurk

It jongereinwurk stiet ek yn Fryslân hieltyd mear ûnder druk. Foaral fanwege driigjende besunigings en drege wurkomstannichheden. En dan komt de jeugdsoarch yn 2015 ek nochris op it buordsje fan de gemeenten. Ek foar jongerewurkers sil dat grutte gefolgen ha, sa die tiisdei bliken op de earste noardlike dei fan it jongereinwurk op de NHL yn Ljouwert.

Goed 100 jongereinwurkers út Fryslân, Drinte en Grinslân giene yn diskusje oer de takomst fan har fak. Belangrykste fraach: sil de jongerewurker nei 2020 eins noch wol bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)