Jongereinpriis yn Skarsterlân

23 jan 2007 - 12:02

De gemeente Skarsterlân wol mear kontakt mei de jongerein. Dêrfoar koe de jeugd ideeën ynleverje yn it ramt fan it projekt Friesstyle. Der wiene 38 ynstjoerings en dêrfan binne by in foarseleksje fjouwer útkeazen. Dêrút wurdte woansdei in winner útsocht.

It 2500 priisjild moat brûkt wurde om it winnende idee út te fieren. Achterlizzend doel fan de gemeente is te witten te kommen wat de jeugd yn de gemeente dwaande hâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)