Jongerein siket oplossings foar swalkôffal

25 feb 2015 - 20:32
  • ôffal

De Fryske Miljeufederaasje set jongerein yn om in oplossing te finen foar swalkôffal. Fan moandei ôf sette learlingen fan ferskate skoallen harren yn om yn byld te bringen wêr't it measte ôffal leit. Ek tinke se nei oer oplossings. Dizze presintearje de dielnimmers oan de wethâlders fan harren gemeenten.

De skoallen dy't meidogge binne de Maritime Akademy en it RSG Simon Vestdijk yn Harns, it Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer, it Bogerman College yn Wommels en OBS Oan 't Skipperspypke út Koarnjum.

Dizze aksje fan de miljeufederaasje is ûnderdiel fan it gruttere projekt 'Samen Fryslân Schoon'. De kampanje begjint nije wike moandei yn Koarnjum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)