Jongerein oertsjûgje nochter nei hûs te riden fan Oerrock

08 maaie 2015 - 20:02

Stichting TeamAlert, in ferkearsfeiligensorganisaasje foar jongerein, komt nije wike freed nei Oerrock yn Oerterp om mei jongerein te praten oer alkohol yn it ferkear. TeamAlert rjochtet him benammen op minsken tusken de 18 en 24 jier.

De organisaasje wol troch de petearen jongerein oertsjûgje nochter te bliuwen as se noch mei de auto nei hûs ride moatte. Wa't dat takom wike op Oerrock ek docht, krijt as ferrassing in Bob-gadget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)