Jongerein moat mear fierljeppe

07 maaie 2004 - 00:00

It fierljeppersbûn wol mear Fryske jongerein de skâns op krije. De kommende fjouwer jier moat sa de takomst fan de acht oerbleaune ferienings feilichsteld wurde.

Om de jongerein te ynteressearjen foar de sport is troch de Noardelike Hegeskoalle Ljouwert in spesjale leskiste ûntwikkele. Dêrneist moat ek de organisaasje fan it bûn feroarje. Op 22 maaie set it nije seizoen útein mei in wedstryd yn It Heidenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)