Jongerein Miljeufederaasje hat nije webside: vinderr.frl

26 apr 2015 - 10:28

It jongerenpanel fan de Fryske Miljeufederaasje hat in nije webside: vinderr.frl. Op de side kinne jongerein harren miening jaan oer aktuele ûnderwerpen, enkêtes ynfolje of meidwaan oan in poll dy't de jongereingroep sels opsteld hat.

De leden advisearje de provinsje Fryslân oer ferskate saken lykas wynmûnen, greidefûgelbelied of Kulturele Haadstêd. Om dat noch better dwaan te kinnen, wol it panel graach de mienings fan jongerein yn de provinsje meinimme yn de advizen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)