Jongerein mei drugs soargje foar oerlêst yn Drachten

30 apr 2015 - 12:34
  • Drugs

In groep jongerein soarget foar in soad oerlêst oan de Drift en Jelle Plantingastrjitte yn Drachten.Troch in diel fan dizze bern wurdt ek drugs brûkt en ferhannele. Meastentiids giet it om de drug GHB of speed. Under de bern binne ek jonges en famkes fan 14 jier. Dat meldt de plysje.

De plysje is ûnderwilens in ûndersyk begûn nei de hannelers. Dit resultearre ferline wike yn de earste oanhâldingen fan trije Drachtsters fan 19, 22 en 23 jier. It ûndersyk wurdt fuortset, mear oanhâldingen wurde net útsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)