Jongerein keapet minder faak in bromfyts

22 jul 2015 - 16:33
  • Bromfytsen

It giet net goed mei de ferkeap fan bromfytsen ûnder jongeren. Sifers fan it CBS wize út dat it tal bromfytsen ûnder jongeren oant 20 jier mei 63 prosint nei ûnderen gong is yn fergelyk mei 5 jier lyn. De delgong komt benammen troch de ynfiering fan it praktykeksamen foar bromfytsers. Dêr moat al gau 400 euro foar betelle wurde, wylst earder allinnich in teoryeksamen genôch wie.

Neffens Rob Huisman fan Noord Scooters yn Drachten is de ferkeap fan bromfytsen ek yn syn winkel ôfnaam. Wol is der in stiging fan it tal ferkeapen oan 30-plussers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)