Jongerein brûkt tunnel yn Damwâld om oan te hingjen

25 nov 2015 - 15:20
  • Op 24 septimber is de Sintrale As foar de sporters

Omwenners fan de nije tunnel yn de Doniawei yn Damwâld meitsje har soargen oer jongeren dy't oan de tunnel hingje. De tunnel is ûnderdiel fan de Sintrale As. Om foar te kommen dat er as skatebaan brûkt wurdt, binne der leuningen oanbrocht. Dy wurde lykwols troch de jongerein brûkt om oan te hingjen en dat soarget neffens omwenners foar gefaarlike sitewaasjes.

Ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes hat nei fragen fan it CDA oanjûn yn petear te gean oer de needsaak fan de leuningen. Ek is de plysje frege om faker te kontrolearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)