Jongerein bliuwt yn Fryslân

30 apr 2004 - 00:00

Jongeren keare Fryslân net massaal de rêch ta. Benammen minsken tusken de 15 en 30 jier bliuwe de provinsje trou, sa docht bliken út it earste sosjaal rapport fan 'e provinsje. Oant no ta waard altyd tocht dat jongerein Fryslân links lizze lit.

It rapport meldt ek dat no hast 640.000 minsken yn Fryslân wenje. Oant 2020 sil dat tal mei 10% groeie ta 704.000. It rapport moat bestjoerders helpe by it meisjen fan belied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)