Jongere bern by Buro Halt

07 jan 2004 - 00:00

Buro Halt hat hieltyd jongere bern oan it wurk mei in alternative straf. Dy krije se as se har net hâlde oan de regels foar it ôfstekken fan fjoerwurk.

Fan 't jier ha in lytse 100 bern in straf krigen. De measten binne 15, 16 jier. Opfallend wie it grut tal bern fan 11 oant 13 jier. Neffens Buro Halt krije bern op jongere leeftyd ynteresse yn it ôfstekken fan fjoerwurk. Ek witte âlden te min ôf fan de krekte fjoerwurkregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)