Jongeman fermist yn Frjentsjer

24 mrt 2013 - 17:42
  • De fermiste Gerrit Marinus Jan van Dijk

Yn Frjentsjer wurdt de 21-jierrige Gerrit van Dijk fermist. Hy is net weromkaam by de ynstelling dêr't er ferbliuwde. De jongeman waard dêr tongersdei foar it lêst sjoen. De fermiste is 1.80 lang en hat brún hier. Hy hie by syn fermissing in swarte trijekoart stoffen jas oan mei in opsteande kraach en brúnsuede healhege skuon maat 45 of 46. Nei alle gedachten hie er ek in swarte trui of shirt mei lange mouwen oan.

Minsken dy't mear witte oer de fermissing, kinne belje mei de plysje op 0800-6070.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)