Jonge(18) lit plysje kont sjen

30 maaie 2010 - 13:59

De plysje hat sneontenacht in 18-jierrige jonge fan Frjentsjer oanhâlden fanwege mislediging. De jonge liet de plysje op in terrein oan it Fliet syn bleate achterwurk sjen. De jonge is om dy reden oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo. Tsjin him wurdt proses-ferbaal opmakke.

De jonge stie mei in groep jongeren by in parkearde auto, doe't surveillearjende aginten even by harren seagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)