Jonge(10) ferwûne by oanriding

26 aug 2009 - 09:50

Yn jonkje fan 10 is tiisdeitemiddei libbensgefaarlik ferwûne rekke by in oanriding yn Elslo. De jonge út Boyl is nei alle gedachten mei de fyts op de ferkearde helte fan de dyk rekke.

Fan 'e oare kant kaam in man (25) út Boyl mei de auto, dy't de jonge net mear ûntwike koe. De jonge rûn swiere ferwûnings op oan holle en skonk en is yn kritike tastân mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. De automobilist waard mei rêchklachten nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)