Jonge ynbrekker frijlitten

30 jan 2014 - 13:01
  • In ynbraakfoto út it argyf

De 15-jierrige jonge út Appelskea dy't fertocht wurdt fan in grut tal ynbraken yn Easterwâlde en Appelskea is woansdei troch it Iepenbier Ministearje frijlitten. Betingst is wol dat er allinnich ûnder begelieding fan syn âlden nei bûten mei.

De jonge hat bekend mei trije 13-jierrige jonges yn totaal 23 kear ynbrutsen te hawwen. Se hellen benammen jild en tablets út huzen. De trije oare jonges wienen earder al frijlitten. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk en slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)