Jonge yn Boalsert mishannele mei kneppel

16 feb 2015 - 11:03

De plysje fan Boalsert ûndersiket de mishanneling fan in 17-jierrige jonge út Heech. De jonge krige op de Hendrik Nanneshof yn Boalsert nei eigen sizzen rûzje mei in man fan wa't er noch jild krige. De man soe him by de kiel pakt en mei in kneppel slein hawwe.

It slachtoffer moast yn it sikehûs behannele wurde oan syn ferwûnings. Hy hie ûnder oare kniesde ribben. De plysje wit wa't de fertochte is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)