Jonge yn Boalsert krijt klap

01 jul 2007 - 16:18

Yn Boalsert is yn 'e nacht fan sneon op snein in jonge oppakt foar mishanneling fan in 18-jierrige oare jonge út Skettens. De 19-jierrige Wytmarsumer soe him in klap yn it gesicht jûn hawwe op 'e Dykstrjitte.

De plysje hat de Wytmarsumer foar ferhear meinaam nei it buro en him letter wer frijlitten. It slachtoffer hie ferwûnings oan 'e mûle, mar hy woe him net behannelje litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)