Jonge winkeldieven oanhâlden

24 feb 2011 - 11:42

De plysje hat woansdei fjouwer minderjierrige ynwenners fan Harns oanhâlden op fertinking fan winkeldieverij. De jongeren, ien fan 13 en trije fan 15 jier, hienen yn winkels oan de Foarstrjitte klean en beurzen stellen. Dat hienen se yn it foar ôfpraat, sa joegen se ta oan de plysje. De groep foel op yn de saak troch fertocht gedrach. Op bylden fan de befeiligingskamera's wie te sjen dat se oan it stellen wienen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)