Jonge winkeldieven oanhâlden

12 nov 2005 - 15:27

Fjouwer jonge famkes en in jonge binne freedtemiddei yn Ljouwert oanhâlden foar stellerij. Se hiene út in winkel oan de Nijstêd make-up en sieraden meinommen. De fertochten binne twa famkes fan tolve en twa fan fyftjin jier. De fertochte jonge is fjirtjin jier âld.

It winkelpersoniel seach de stellerij en warskôge de plysje. De famkes en de jonge binne nei ferhear by de plysje wer nei hûs ta stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)