Jonge wâldpiken mei nepwapens

21 sep 2007 - 22:05
  • De yn beslach nommen wapens.

Twa jonges fan 14 en 15 jier út Twizelerheide en in 15-jierrige knaap út De Westerein hawwe in proses-ferbaal krigen foar de hannel yn ferbeane nep-wapens. De knapen hiene boartersguodwapens, dy't hast net fan echte te ûnderskieden wiene.

De leveransier wie de 15-jierrige Westereinder, dy't se yn Dútsklân kocht en mei winst fia ynternet trochferkocht. De plysje hat úteinlik 16 nepwapens achterhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)