Jonge túnfandalen nachtsje yn de sel set

09 nov 2014 - 11:37

Trije jonges út Drachten hawwe in nacht yn de sel sitten foar it fernielen fan tunen yn de Suderdwersstrjitte yn Drachten. In tsjûge seach it trijetal saken fernielen en besleat achter harren oan de riden en de plysje te beljen. Dy hat de jonges oanhâlden en meinaam nei it buro. Se hiene noch in beamke en in sierbyld út in tún by harren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)